Wikseljende reaksjes op Erdogan fan Turken yn Fryslân

Guon Turken yn Ljouwert fine de útspraken fan presidint Erdogan der fier by troch, oaren wolle der net in wurd oer kwyt. Turkse ûndernimmer Umut út Ljouwert hat syn nocht fan de útlittingen fan de presidint en fynt dat dy ophâlde moat fan rûzjemeitsjen. De Turkske moskee oan it Fliet is oansletten by de Turkske Diyanet-koepel en wol net reagearje op it konflikt tusken Nederlân en Turkije.
De hope fan de Turkse ûndernimmers is dat de ferhâldingen wer normalisearje sille nei it Turkske referindum fan begjin april.
Woansdei sei de Turkske presidint noch dat as Europa sa trochgiet gjin inkelde Europeaan mear feilich is. De relaasje tusken Turkije en Nederlân - en ek tusken Turkije en Dútslân - is de ôfrûne moanne bekuolle. Dat hat alles te krijen mei it oansteande referendum yn Turkije oer it fergrutsjen fan de macht fan presidint Erdogan.
De measte Turken yn Ljouwert kieze derfoar om Omrop Fryslân net te wurd te stean oer dizze saak. Dat jildt bygelyks ek foar de bekende âld-imam Mustafa Önlü, dy't tsjintwurdich winkelman is.
Fan de goed 1700 Turken yn Fryslân is mear as de helte fan Koerdyske komôf. Koerden binne in stik kritysker oer Erdogan as de measte Turken, omdat sy fine dat Erdogan de Koerdyske minderheid ûnderdrukt. Dat seit ek de Koerdyske winkelman Cemal Killi fan it winkeltsje Anadolu yn de Ljouwerter binnenstêd. Neffens Killi is Nederlân folle demokratysker as Turkije. Hy fynt dêrom dat Erdogan gjin gelyk hat mei syn fûle krityk op Nederlân. Erdogan docht der neffens him better oan om de problemen yn Turkije op te lossen. De Turken om utens yn Nederlân kin hy mar better mei rêst litte, fynt Killi. Dy rêde har ek wol sûnder Erdogan....
De moskee fan Drachten is net oansletten by de Diyanet-koepel en hat wol in dúdlike miening. Erdogan kin him better rjochtsje op de problemen yn Turkije. Hy moat de Turken yn Nederlân mei rêst litte, lit it bestjoer fan dizze moskee witte.