Stroomsteuring yn Ljouwert ferholpen

© Liander
De stroomsteuring dy't parten fan de wenwiken Bilgaard, Havankpark en Blitsaerd yn Ljouwert en it doarp Snakkerbuorren tongersdei troffen, is wer foarby. Dat melde Liander om goed 15.00 oere.
Under oare hegeskoalle NHL hie lêst fan de steuring. De skoalle stjoerde dêrom om 14.00 oere alle studinten nei hûs en die de skoalle ticht.