Wim Stroetinga selektearre foar WK baanhurdfytsen

Wim Stroetinga (hjir yn in oare wedstriid) © ANP
Wim Stroetinga fan Aldeberkeap is selektearre foar it WK baanhurdfytsen yn Sina. Bûnscoach Peter Schep stelt Stroetinga op by it ûnderdiel scratch en ek by de koppelkoers, tegearre mei syn teamgenoat Yoeri Havik. It WK baanhurdfytsen is oer trije wiken, fan 12 oant en mei 16 april, yn Hong Kong.