Stroomsteuring: studinten NHL nei hûs
Parten fan de wenwiken Bilgaard, Havankpark en Blitsaerd yn Ljouwert en it doarp Snakkerbuorren sitte sûnder stroom. Under oare hegeskoalle NHL hat lêst fan de steuring. De skoalle hat besletten om twa oere alle studinten nei hûs te stjoeren en de skoalle te sluten. Netbehearder Liander ferwachtet yn elts gefal oant fjouwer oere nedich te hawwen om de steuring te ferhelpen.