Plysje op Skylge wurket oan oanrydtiden

De plysje op Skylge is dwaande mei in plan fan oanpak om de oanrydtiden op it eilân te ferbetterjen. Ut sifers oer 2016 docht bliken dat de plysje op Skylge yn hast de helte fan de gefallen net binnen it foarskreaune kertier teplak is.
Boargemaster Bert Wassink wit net krekt wat de oarsaak is. Neffens him ferjitte plysjes ek geregeld har ôf te melden as se op it plak fan it ynsidint oankaam binne. Dêrtroch liket it of ha se mear tiid nedich om der te kommen.
Wassink seit yn de twa jier dat er no boargemaster op Skylge is noch noait in klacht krigen te hawwen oer it te let kommen fan de plysje by spoedgefallen. Hy hopet dat de plysje oer in jier troch it plan fan oanpak yn 70% fan de gefallen op tiid is.