Kollum: "Putsjes"

"Grutte rel yn Frankryk dizze wike, en de twadde al, oer presys itselde!
De Frânske minister fan Binnenlânske Saken, dy’t fan de sosjalistyske partij is, is opstapt. Hy seit dat er alles binnen de regeltsjes dien hat, mar dat hy him weromlutsen út respekt foar it regear. Syn twa bloedeigen dochters soene tegearre sa’n 55.000 euro fertsjinne hawwe.
Neffens in Frânske talkshow hiene de dochters oare fakânsjebaantsjes, of les, op de mominten dat se ek foar it parlemint wurken.
Yn itselde Frankryk, mar dan by de konservative partij, is krekt soksawat oan ‘e hân. De presidintskandidaat fan dy partij - de ferkiezingen binne ein dizze moanne - is âld-premier Fançois Fillon. Hy soe syn frou en twa fan syn bern ynhierd ha foar parlemintêre putsjes. En syn frou soe dat wurk net of amper dien hawwe.
Nepotisme hjit dat: famylje en freonen foarlûke by baantsjes. En wannear't de fierdere beskuldigingen wier binne, dan is it ek nog besoademiterij. It is in grutte rel yn Frankryk: puer omdat je famylje binne, de goeie putsjes krije, nee, dat kin echt net!
Noch net sa lang lyn ha wy hjir in Nederlân ek soks by de ein hân.
Jacques Tichelaar, de kommissaris fan de Kening yn Drinte, moast dêr in moanne lyn opstappe, om’t hy by de werynrjochting fan in ryksmonumint tsjin amtners sein hie: myn skoansuske kin dit wol even dwaan. In advysputsje fan sa’n trijetûzen euro. Tichelaar hie fjouwer jier lyn al itselde by de hân, doe’t hy him bemuoide mei in akkefytsje fan syn sweager yn Coevorden.
Ik moat wat bekenne. Ik ha eartiids ek foar ús heit wurke. Us heit joech syn bern allegearre putsjes, en dêr fertsjinnen we net safolle mei as dy froulju yn Frankryk, mar it wie wol sa dat wy dy putsjes krigen en net in oar.
Sjoch, ús heit is melkfeehâlder. En no wit ik net alle regels fan melkfeehâlders oer "schijn van belangenverstrengeling" út de holle, mar ik wit al dat myn sus úteinlik it bedriuw oernommen hat. It is gjin iepenbiere funksje fansels, mar it wie ek net in iepenbiere oanbesteging.
Gekkichheid fansels. Asto in privaat bedriuw hast, dan is dat hiel wat oars as wannear ast keazen parlemintariër bist, of in bestjoerder by de provinsje. Neffens de provinsjale yntegriteitsregels moat de kommissaris elke skyn fan belangeferfrisseling fermije. En it is belangryk dat bestjoerders op alle lagen en yn alle funksjes harren dêr oan hâlde, en it is ek goed dat sjoernalisten der boppe op sitte wannear't it mis giet.
Op ien funksje nei. De heechste funksje. Underdiel fan ús regear. It steatshaad: de kening.
De bern fan de kening of keninginne krije goeie putsjes, en fertsjinje dêr ek aardich mei. De âldste soan of dochter fan de kening wurdt sels automatysk ús steatshaad. Puer op basis fan "bloedverwantschap". Fynt hast net ien nuver."
Botte Jellema is freelance sjoernalist en wurket foar ferskate omroppen op Radio 1 en foar Omrop Fryslân. Hy komt út Loaiïngea en wennet yn Amsterdam. De kollums fan Botte gean oer wat hy meimakket en wat him fernuveret yn it deistich libben en yn de media. Hy is te folgjen op Twitter.