Boeren en jagers meie krieën fange mei fangkoaien

De provinsje jout boeren en jagers in ûntheffing om fangkoaien te brûken om swarte krieën te fangen. Sa wol de provinsje greidefûgels beskermje dy't bot te lijen ha fan de krieën. Dy ite de greidefûgelpykjes op en ek de aaien.
Mei de fangkoaien wol de provinsje de krieëpopulaasje ûnder kontrôle hâlde. "Dit sjogge wy as ien fan de needsaaklike middels om ús greidfûgels te beskermjen," seit deputearre Kramer.
De Nederlânske jagersferiening riedt jagers ôf om de fangkoaien te brûken. De regels binne te strikt, seit Titus Sijmonsma fan de jagersferiening. As de jagers by ûngelok wat ferkeard dogge, rinne se it risiko om de jachtakte foar twa jier te ferliezen.
Dat de regels sa strikt binne, komt neffens de provinsje omdat ek de provinsje him oan de wet hâlde moat. Dit is no ienkear alle romte dy't de wet jout, seit in wurdfierder. Greidefûgelboeren litte har dêr net troch út it fjild slaan. Se sille no sels de fangkoaien útsette om de krieën te fangen.