Oprop oan kabinet om plattelân better te benutten

Fyftjin plattelânsgemeenten ûnder oanfiering fan boargemaster Ellen van Selm fan Opsterlân roppe it nije kabinet op it plattelân better te benutten. Neffens de gemeenten kinne op it plattelân oplossings fûn wurde foar grutte maatskiplike problemen as klimaatferoaringen. It plattelân hat dêr de romte foar. De fyftjin ha har oanbod dien yn in pamflet, dat woansdei yn Eindhoven presintearre is. It plattelân soe in soarte fan proeftún wurde foar duorsumens. Yn ruil dêrfoar moat ynvestearre wurde yn de fysike en online berikberens fan it plattelân.