Omrop Fryslân bêst beharke yn eigen provinsje

© Omrop Fryslân
Omrop Fryslân is it nije jier goed begongen as it giet om de harksifers op de radio. Dat docht bliken út de lêste mjitting fan de harksifers yn it Nationaal Luister Onderzoek (NLO). Omrop Fryslân wie yn de earste moannen fan 2017 mei ôfstân merklieder yn de provinsje, mei in merkoandiel fan 20,6%. Dat merkoandiel is mear as twa kear sa grut as it merkoandiel fan twa grutte lanlike muzykstjoerders, dy't nei de Omrop de bêst beharke radiostasjons yn Fryslân binne.
De harksifers fan Omrop Fryslân sitte sûnt de twadde helte fan 2015 yn de lift. Yn maart fan dat jier kaam de Omrop mei in nije radioprogrammearring. De harksifers binne dêrnei hieltyd groeid.
It jier 2016
Oer hiel 2016 berekkene helle Omrop Fryslân mei de radioútstjoeringen in merkoandiel fan 18,9%. It merkoandiel jout it persintaazje radioharkers oan, dat ôfstimt op in radiostjoerder en it is in wichtige graadmjitter fan it Nationaal Luister Onderzoek. It NLO ûndersiket it radioharkgedrach fan de Nederlânske befolking en wurdt útfierd troch it ûnôfhinklike ûndersyksburo GFK ûnder in represintative stekproef fan de befolking fan 10 jier en âlder.
Beriksifers
Njonken it Nationaal Luister Onderzoek lit Omrop Fryslân sûnt 2012 ek ûndersyk dwaan nei beriksifers troch ûndersyksburo Kien. Dat ûndersyk wurdt fjouwer kear yn it jier dien ûnder in represintative stekproef fan 800 - 900 ynwenners fan Fryslân. De ûndersyksresultaten fan Kien befêstigje it byld fan de groeiende harksifers út it NLO. Op grûn fan dy resultaten docht bliken dat Omrop Fryslân yn alle leeftiidsgroepen mear harkers lûkt. It gemiddelde moanneberik yn 2016 is yn fergelyk mei 2014 yn alle leeftiidskategoryen tanaam. It giet dan om it oantal minsken dat gemiddeld per moanne nei de Omrop harke hat. De measte groei is realisearre yn de leeftiidskategoryen 60+ (15% stiging nei 42,5% moanneberik) en 30-39 jier en 40-49 jier (beide 13% omheechgien nei 28,6% en 30,4% moanneberik).
Sjoch foar mear ynformaasje oer Buro Kien op: https://www.kienonderzoek.nl/.