Leden hockeyklup protestearje tsjin komst buorman supermerk

Leden fan de Snitser hockeyklup SMHC hawwe tiisdeitejûn aksjefierd by it gemeentehûs yn Drylts tsjin de komst fan in nije supermerk njonken de hockeyfjilden. De supermerk soe komme yn de wyk Tinga yn Snits, op it plak dêr't de klup yn de takomst útwreidzje wol. It tal leden nimt ta en se hawwe meikoarten in ekstra fjild nedich, seit it bestjoer. As de supermerk der komt op dat plak, is der gjin romte mear foar in ekstra fjild.
De gemeenteried nimt oer twa wiken in beslút oer de plannen.