Lutz Jacobi: PvdA Ljouwert siket gearwurking op links

De PvdA yn Ljouwert sil mei de kommende riedsferkiezings yn novimber neidruklik de gearwurking mei oare linkse partijen sykje. It giet dan om partijen as PAL/Grien Links en Feriene Lofts. Dat sei Lutz Jacobi tiisdei yn It Polytburo op Omrop Fyslân Telefyzje.
Jacobi wurdt nei alle gedachten listlûker foar de partij. Se sei net perfoarst wethâlder wurde te wollen yn Ljouwert. De PvdA is fanâlds de grutste partij fan de stêd, mar waard by de Keamerferkiezings fan ferline wike, omrekkene yn riedssitten, sânde.
Twa nije banen
Lutz Jacobi makke fierders bekend dat se twa nije banen hat. Se wurdt foarsitter fan Nasjonaal Park Skiermûntseach en ynterim-direkteur fan it Kenniscentrum voor Dierplagen yn Wageningen. Woansdei nimt Jacobi ôfskied fan de Twadde Keamer. Dêr hat se goed tsien jier yn sitten.