Bestelbuske botst frontaal op beam, ien ferwûne

De auto hie grutte skea © Sicco Riedstra
In persoan yn in bestelbus is tiisdeitejûn ferwûne rekke by in iensidich ûngelok. It slachtoffer rekke op de Lânsbuorren by Sumar fan de dyk en botste frontaal op in beam. De bestjoerder koe sels út de auto komme en is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht. De bestelbus fan it slachtoffer hie grutte skea en moast troch in berger fuortsleept wurde.
It is noch ûndúdlik hoe't it ûngelok barre koe. De plysje docht dêr noch ûndersyk nei. Fanwege it ûngelok hat de strjitte koarte tiid ôfsletten west foar ferkear.