Jan Atze Nicolai nije wethâlder foar PAL/GrienLinks

Jan Atze Nicolai
Jan Atze Nicolai (51) wurdt de nije wethâlder fan PAL/GrienLinks yn de gemeente Ljouwert. Nicolai folget Isabelle Diks op. Sy is ferline wike mei foarkarstimmen yn de Twadde Keamer keazen en wurdt tongersdei beëdige. Nicolai is al sûnt 2002 riedslid foar PAL/GroenLinks. De partij rekkenet der dêrom op dat hy in goeie fertsjintwurdiger fan de partij wêze sil yn it Ljouwerter kolleezje fan b. en w.
Nicolai sil oant novimber ynterim-wethâlder wêze. Dan wurde yn de gemeente Ljouwert weryndielingsferkiezings hâlden.
Jan Atze Nicolai is no noch fraksjefoarsitter fan PAL/GrienLinks. Yn dy funksje wurdt hy opfolge troch Evert Stellingwerf. Sadree't Nicolai oansteld wurdt as wethâlder wurdt syn sit yn de gemeenteried opfold troch Petra Vlutters. Sy is op dit stuit warber by PAL/GrienLinks as fraksje-assistint.