Deadlik ûngelok: 750 euro boete en healjier net autoride

Justysje © Omrop Fryslân
In 75-jierrige man út Zwolle dy't oardel jier lyn by de rotonde fan De Jouwer in deadlik ûngelok feroarsake, hat in boete fan 750 euro krigen. Hy mei ek in heal jier net autoride. De man wie hiel hurd op in stilsteande auto yn in file botst De bestjoerder fan dy auto kaam dêrby om it libben.
Justysje fûn dat de man hiel ûnfoarsichtich riden hie en hie de maksimale wurkstraf fan 240 oeren easke. De rjochtbank gie dêr net yn mei. Dy seit dat de man in momint hân hat dat er de holle der efkes net by hie, doe't er it ûngelok feroarake.
De man hat him twa wiken lyn nei de rjochtsaak mei de neibesteanden fersoene. Hy siet der hiel bot mei dat ien troch syn tadwaan it libben ferlern hat.