Tips 'op it rjochte paad bliuwe' foar finzenen

Finzenen gean noch hieltyd te faak de fout yn nei harren frijlitting. Dat kin ek oars, en dêrom wie tiisdei yn De Marwei yn Ljouwert in ynformaasjemerk. Detinearden koene dêr tips krije oer hoe't se op it rjochte paad bliuwe kinne.
Yn de PI Ljouwert sitte sawat 250 manlju. As dy wer frijkomme, is it de bedoeling dat se net weromkomme. Dêrom krije de finzenen kursussen, trainingen en opliedingen. Mear as de helte giet dochs wer de fout yn. Yn it projekt Uit, dat yn 2014 úteinsette, krije tritich eks-finzenen yn it jier begelieding.