'Fytsplan' foar fuotballers seleksje SC Hearrenfean

Teamfoto SC Hearrenfean 2016-2017 © AWfoto.nl
De spilers fan Sportklup Hearrenfean krije tiisdeitemiddei allegearre in fyts. Dat bart op de bedriuwekontaktdagen yn Ljouwert. It doel is dat de fuotballers tenei net mear mei in djoere auto, mar op de fyts nei de trening komme.
De klup fynt duorsumens en in better miljeu hiel wichtich en hat dêrom in fytsplan opset, yn gearwurking mei ûnder oare de Feanster fytsfabryk fan Batavus. Ek de ekstra beweging foar de seleksjespilers is in foardiel, sa lit de fuotbalklup wite.