Gemeenten berikke akkoart oer grienmeiwurkers Caparis

20 mrt 2017 - 23:41
  • It filiaal fan Caparis yn Ljouwert

De gemeenten Ljouwert, West- en Eaststellingwerf en Achtkarspelen nimme op 1 april definityf de grienmeiwurkers fan wurkfoarsjenning Caparis yn eigen tsjinst. Dat sei wethâlder Andries Ekhart fan de gemeente Ljouwert moandeitejûn yn de kommisjegearkomste. De gemeenten binne it dêroer iens wurden mei de fjouwer oare gemeenten, dy't har grienmeiwurkers foarearst fia Caparis ynhieren bliuwe. Wethâlder Ekhart is 'opgelucht' oer it akkoart en sjocht de werynrjochting fan Caparis in stik fleuriger as twa wiken lyn.

De meiwurkers krije op 1 april in gemeentejas oan, seit Ekhart. De formele oergong fan de meiwurkers komt nei dizze datum, mar dat is net slim, fynt er. No't der in mienskiplik beslút oer de grienmeiwurkers leit, komme de gemeenten temjitte oan krityk fan de ried fan kommissarissen fan Caparis. Dy woe ûnder mear de finansjele konsekwinsjes én de gefolgen foar it personiel helder ha.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)