Realisaasje wynpark Nij Hiddum-Houw komt hieltyd tichterby

De provinsje moat yn it miljeu-effektrapport oer it wynpark Nij Hiddum-Houw helder oanjaan, wêrom't keazen is foar de lokaasje oan de kop fan de Ofslútdyk. Der moat ek goed neitocht wurde oer de opstelling fan de wynmûnen. Dat advisearret de kommisje foar miljeu-effektrapportaazje. Dy kommisje sjocht derop ta dat it miljeu goed meiwoegen wurdt yn de beslútfoarming. Dêrmei komt de realisaasje fan it wynpark Nij Hiddum-Houw hieltyd tichterby.