FIDEO: Slang skrokt hyena op, filme troch Ljouwerter

20 mrt 2017 - 22:50
  • De slang yt de hyena op, filme yn Kenia troch de Ljouwerter Jos Bakker

Stel dy foar: in slang dy't in hyena wurget en dêrnei ek yn ien kear opyt. Dat sjogge je net faak. En in fideo wie dêr al hielendal net fan. Oant de Ljouwerter ynternetûndernimmer Jos Bakker nei Kenia op fakânsje gong. Hy hie in lytse kamera by him en it filmke dat er makke, is no op nijswebsites fan oer de hiele wrâld te sjen. Op YouTube is de fideo yntusken mear as 451.000 kear besjoen.

Yn in interview mei it Algemeen Dagblad fertelt de 35-jierrige Bakker oer it yndrukwekkende momint dat er de slang mei de hyena seach. "Bij aankomst zagen we de slang met een hyena in een wurggreep. Volgens onze gids was het beest al dood maar hield de python hem nog even in de verstikkende greep om daar zeker van te zijn. Daarna schrokte de slang de hyena naar binnen. Ongelofelijk. Het duurde twintig minuten maar ik heb mijn filmpje op sommige punten versneld."

Bakker seit ek dat er yntusken in deal hat mei ien fan de grutste parseburo's op it mêd fan social media, Storyful. "Zij krijgen 30 procent van de opbrengst, ik zeventig. Geen idee hoeveel mijn filmpje gaat opbrengen. Dat hoor ik eind van de maand."

Moarnier is it avontuer fan Jos Bakker ek te hearren by Omrop Fryslân yn it radioprogramma Fryslân fan 'e Moarn mei Jacob Stelwagen. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)