Beteljen mei falsk jild liedt ta wurkstraffen

20 mrt 2017 - 22:07

In 22-jierrige ynwenner fan Harns en in 42-jierrige Ljouwerter hawwe moandei wurkstraffen krigen foar it beteljen mei falske briefkes fan 50 euro. De man út Ljouwert kocht yn oktober in laptop en krige doe de nepbiljetten. Hy woe dêr in hanneltsje mei de Harnzer mei betelje, mar dy hie gau troch dat it om falsk jild gie. Yn stee fan nei de plysje te gean, betelle er dêr op syn beurt in neimakke mobyl mei. De saneamde 'kloontelefoan' koste 100 euro en kaam fan in hanneler yn Bûtenpost.

De man út Harns hat in ferstanlike beheining. De Ljouwerter wie dêr fan op de hichte en dat waard him bot oanrekkene troch de rjochter. Hy krige in wurkstraf fan 60 oeren, de Harnzer krige in taakstraf fan 20 oeren ûnder betingst. De ferkeaper út Bûtenpost woe syn jild werom hawwe, mar krige dat net omdat it om 'net-earlike' hannel gie.

Trefwurden: 
falsk jild wurkstraf hannel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)