Undersyk nei helberens eigen enerzjybedriuw Ljouwert

De gemeente Ljouwert ûndersiket oft de komst fan in Ljouwerter Enerzjybedriuw helber is. Mei it eigen enerzjybedriuw soe Ljouwert better en flugger oergean kinne nei duorsume enerzjy. Ljouwert wol yn 2020 16 prosint minder fossile enerzjy, sa as ierdgas- en oalje, brûke. Seker no't guon partijen hyt wetter út de boaiem helje wolle yn de gemeente, wol de PvdA sa'n eigen enerzjybedriuw kreëarje.
ChristenUnie en PAL/GrienLinks stypje de moasje om mei in ûndersyk te kommen. Ek D66, Feriene Lofts en List Pier Tilma sjogge dat ûndersyk wol sitten. Wethâlder Isabelle Diks seit dat der jild foar frijmakke wurde kin.