Hast 1100 nije starters derby yn earste twa moannen

20 mrt 2017 - 18:32

Yn de earste twa moannen fan dit jier binne yn Fryslân 1068 starters in eigen bedriuw begûn. Dat binne der krekt wat mear as ferline jier. De measten binne as ZZP'er begûn yn in grut ferskaat oan brânzjes. Ien fan harren is Jellie de Boer fan Burgum dy't úteinsette mei it bedriuw Subsidiestipe. Nei't se foar famylje in subsydzje-oanfraach regele hie, seach se dit gat yn 'e merk. Der komt hiel wat sjen by de faak komplekse oanfragen dy't per gefal ek wer bot ferskille kinne.

"Mei myn administrative eftergrûn fyn ik it aardich om dat goed út te sykjen, wylst oaren der krekt in hekel oan ha", fertelt De Boer. "Ik bin no benammen mei oanfragen op it mêd fan duorsumens dwaande, mar gean oare opdrachten net út de wei. As in koar bygelyks in kultuersubsydzje oanfreegje wol, kin ik fêst ek helpe", lit de farske ûndernimster witte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)