Mem Marianne Vaatstra koarte op útkearing

20 mrt 2017 - 17:45

De mem fan Marianne Vaatstra is koarte op har útkearing as gefolch fan har juridyske striid mei publisist Wim Dankbaar. Dat meldt it Algemeen Dagblad. Maaike Terpstra moast ferline moanne 73 euro ynleverje, troch strideraasje oer twangsommen. Wim Dankbaar is feroardiele ta it beteljen fan twangsommen, omdat er yllegaal stikken út it deiboek fan Marianne har mem publisearre hat. Hy woe sa in komplot oan it ljocht bringe oer de tadracht fan de moard.

Omdat de striid al sa lang duorret, moat in part fan de twangsommen werom nei Dankbaar fanwege ferjierring. Sadwaande is Marianne har mem koarte op har útkearing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)