Ferwûnen by ûngelok yn Appelskea
Twa minsken binne yn Appelskea ferwûne rekke trochdat se mei de auto frontaal byinoar op botsten. De brânwacht moast der oan te pas komme om ien fan de slachtoffers út de auto te knippen. De dyk - Vaart Zuidzijde - is hielendal ôfsletten troch it ûngelok.