Anna van Hannover wurdt ferneamd

20 mrt 2017 - 16:16

Ljouwert krijt in Anna van Hannoverleantsje. Anna van Hannover wie troud mei stedhâlder Willem IV en wenne fan 1734 oant 1747 yn it Stedhâlderlik Hôf yn Ljouwert. Se wie hiel keunstsinnich en hat op dat mêd ek in soad foar Ljouwert dien. Sa betelle se út eigen bûse in nij oargel foar de Waalske tsjerke. Acht jier lyn wie der al in Anna van Hannoverjier. No wurdt it paad tusken de Beijerstrjitte en de Sint Anthonystrjitte nei har ferneamd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)