Skoalbern skriuwe passyferhaal yn it Frysk

In eardere edysje fan The Passion © ANP
Learlingen út 3 HAVO/VWO fan it Liudger College yn Burgum hawwe it passyferhaal neffens Mattheüs oerset yn it Frysk. Se hawwe dêrby de bibel yn gewoane taal brûkt. It ferhaal is sadwaande opskreaun yn koarte begryplike sinnen. It boekje wurdt de kommende wiken ferspraat op skoallen en yn tsjerken yn hiel Fryslân. Oanlieding is dat it telefyzjespektakel The Passion dit jier yn Ljouwert opfierd wurdt. Dat is op Wite Tongersdei, 13 april.