Bert Jonker: "Het was een knal van hier tot Tokio"

20 mrt 2017 - 12:34

"Er komt een man zwalkend op me aflopen. Ik stop ernaast om te kijken of het wel goed ging met die meneer." Sa begûn de eangstige jûn foar Clafis foarman Bert Jonker op 7 jannewaris fan dit jier, doe't er besketten waard by it Thialf stadion. "Er waren op dat moment wel meer dronken mensen naast Thialf, er was een feesttent buiten waar veel Noren stonden. Ik dacht dus echt dat het niet goed ging met die man, dus ik sprak hem aan en ik vroeg of het wel goed ging met hem."

Op dat stuit wie de man wat oan it rommeljen by ien fan de doarren fan de auto fan Jonker. It like derop of woe de fertochte by Jonker yn de auto stappe. Dit fernuvere Jonker en hy frege de man dan ek om fuort te gean. Hjirop seach de fertochte Jonker oan en frege him "Herken je mij niet meer?".

Pistoal

Wylst de fertochte dit sei, rjochte hy syn pistoal op Jonker. "Op dat moment kun je drie dingen doen: fight, fly or freeze." Fjochtsje (fight) koe net, om't er yn syn auto siet en ferstiivje (freeze) past net by him, dus gie Jonker der fan troch. "Op dat moment hoorde ik 'peng' en klaarblijkelijk werd mijn hand geraakt." Jonker wurdt fan tichtby yn syn hân sketten wylst er besiket út te naaien mei syn auto. "Het was zo dichtbij allemaal. Het was een knal van hier tot Tokio." Hy ramt yn syn flecht in tal auto's op it parkearterrein. "Ik ben doorgereden tot het eind van het parkeerterrein waar wat mensen waren en daar ben ik gestopt, uitgestapt en ben ik richting Vesta gegaan."

"Gezicht vergeet ik nooit meer"

Jonker herkende de man dy't op him skeat fuortendaliks. "Namen ben ik niet zo goed in, maar een gezicht vergeet ik nooit meer." De fertochte, Charles Reinier van der Wouden, hie 2,5 jier lyn in saaklik skeal mei Jonker. Jonker soe syn bedriuw oernimme, mar dit gie net troch. De fertochte gie net lang dêrnei fallyt. Jonker seit dat er doe noch fjouwer meiwurkers fan de fertochte oernimme koe. "Ik snap niet waarom hij zo kwaad kon worden op mij. Hij dacht misschien wel dat ik zijn hele bedrijf had overgenomen. Maar meneer heeft er zelf een zootje van gemaakt." Dêrnei besocht de fertochte Jonker twa jier lang te sjantearjen en kaam it dus op 7 jannewaris ta in oanslach op Jonker.

"Heel verdrietig"

It duorre efkes by Jonker om de sjitpartij te ferwurkjen. "De eerste anderhalve week was ik heel verdrietig. Dan denk je 'Hoe kan het nou dat iemand zo boos op je is?' Dat vind ik heel raar. Ik kan dat zelf niet begrijpen." De sjitpartij kaam dan ek as in komplete ferrassing foar Jonker. "Ik begrijp er niks van en ik laat mijn leven hier ook niet door leiden."

Maatregels

It ynsidint hat it libben fan Jonker feroare. "Mijn leven bestaat nu uit twee gedeelten, een voor het incident en een na het incident. Ik stond altijd onbevangen in het leven. Het is niet zo dat ik nu altijd achterom kijk, maar we hebben wel de nodige maatregelen genomen, zoals camerabeveiliging." Jonker hat trije wiken yn in saneamd 'safe house' sitten, foar syn eigen feilichheid. Doe hat er ek in oantal tips krigen om him feilich te fielen. Yntusken fielt er him frij om syn iepenbiere libben wer op te pakken.

De skutter is noch altyd net oppakt. Der is in ynternasjonaal opspoaringsbefel tsjin him útfeardige, hy is mooglik yn it bûtenlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)