Treinen âld-ambassadeur nei Snits

It Modelspoormuseum in Snits hat in kolleksje bysûndere treinen krigen. It giet om modellen fan it Amerikaanske merk America Flyer. De kolleksje komt fan âld-ambassadeur Hans Glaubitz, dy't it materiaal yn syn besit krige op Cuba. Dêr wie er fan 1983 oant 1986 diplomaat. De treinen binne yn 'e jierren 50 makke yn de Feriene Steaten en binne yn kisten mei de ambassadeur de hiele wrâld oer west. Neffens konservator Henk Looijenga is it unyk materieel dat je hjir net in soad sjogge, benammen fanwege de bysûndere skaal 1:64.
De treinen ha yn it museum in plakje krigen yn eigen fitrines mei in typysk Amerikaansk miny-diorama.