Auto en frachtwein botse yn Hallum, ien ferwûne

20 mrt 2017 - 08:34

By in oanriding tusken in frachtwein en in persoane-auto is moandeitemoarn in persoan ferwûne rekke. It ûngelok barde op krusing fan de N357 en de Doniawei by Hallum. De auto kaam tsjin de sydkant fan de frachtwein ta stilstân. De ferwûne bestjoerder fan de auto is mei spoed nei it sikehûs brocht.

It ûngelok soarget foar oerlêst op de dyk en plysjes regelje op it stuit it ferkear om de oerlêst te ferminderjen.

Trefwurden: 
botsing Hallum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)