Kollum: "Suvere kofje"

20 mrt 2017 - 08:29

"Ofrûne woansdei op de dei fan de ferkiezings moast ik my om njoggen oere jûns melde by in stimburo yn Drachten om te helpen mei it tellen fan alle stimmen. Noch in hiel karwei, want mar leafst 1.500 minsken hiene dy dei de muoite naam om har stim út te bringen. Dus wy koene de hannen mar út 'e mouwen stekke.

Allerearst moasten al dy stimbiljetten útteard wurde en dêrnei koene wy se op de goede steapel lizze. Fan de Partij van de Arbeid oant de Partij voor de Dieren, hast in oere lang fleagen wy fan steapeltsje nei steapeltsje om alle biljetten út te suteljen.

Stadichoan seach ik de steapel fan de PVV hieltyd heger wurden. It bultsje fan de VVD koe noch aardich meikomme, mar it wie benammen Geert Wilders dy’t hiel wat stimmen krigen hie yn Drachten. Us stimburo, sa die letter bliken, wie dêrmei in goede ôfspegeling fan de lanlike útslach, want VVD en PVV waarden de grutste partijen. ‘Nederland is rechts geworden', kopten ferskate kranten de dei nei de ferkiezings.

Rjochtse partijen, ik ha der net sa folle mei. Ik bin wat dat betreft in linkse softy. Ik ha dan ek neat op mei de PVV fan Geert Wilders. Benammen net as it giet om syn stânpunt oer flechtlingen. Geert sjocht yn stee fan minsken dy’t in feilich plak sykje fanwege de oarloch, allinnich mar fijannen it lân ynkommen, mei stik foar stik achterlike kultueren, sa’t er dat neamd. Wylst ik der wis fan bin dat wy bêst wat fan dizze minsken leare kinne.

Lêst prate ik mei in frou dy’t sûnt koart as ynboargeringsdosinte foar de klasse stiet. Fan de Nederlânske taal oant it ynfoljen fan de meterstannen foar de NUON, alles komt yn de les foarby. Har learlingen binne mar wat wiis mei har. Hast alle wiken krijt se iten mei nei hûs as betankje foar alle help dy’t se jout. En alle kearen wurdt se op ‘e nij útnûge op de kofje. Want Nederlanners binne gek op kofje, learde se har learlingen al yn les ien fan de ynboargeringskursus.

Troch alle drokte bleau it kofje drinken der lange tiid by, mar in wike as wat lyn wie it dan safier. Sy gong op kofje by in famylje út Syrië, dy’t no op De Jouwer wennet. Tolve oere moast se der wêze. ‘Dus ik bin in oere as twa wol wer thús’, hie se ropt doe’t se fuortgong. It rûn krekt wat oars.

Se wie noch mar kwalik binnen oft de kofje wie al yngetten. Mei wat lekkers der by fansels. Se koe alles krije wat se woe. It duorre mar efkes as de frou fan it Syryske gesin gong de keuken yn. Want mei allinnich kofje achter de kiezzen koene se harren ynboargeringsdosinte net wer nei hûs stjoere.

Dus waard der waarm iten makke. Fan healwei trijen oant healwei seisen waard se traktearre op in fiif gongenmenu. It hold mar net op. En nei it iten wie it noch net dien, want doe kaam de Arabyske tee op tafel. Al mei al kaam se jûns let sa sêd as in tyk wer thús.

Fergelykje dat no ris mei kofje drinke by ús Hollanners. By ús krijst in hastich makke Senseo en moast bliid wêze as der noch in koekje by sit. Ien koekje, kreas njonken it kopke op in apart pantsje tsjin it krûmeljen. Yn de aginda is presys in oerke frij pland foar kofje drinken en dus wurdst der nei twa bakjes subtyl doch dringend wer útbonsjoerd. Want tsja, der is noch mear te dwaan as in bytsje kofje drinke.

Fansels, der sitte ek oare kanten oan dy bûtenlânske kultueren, dy’t wy absolút net oernimme wolle hjir yn Nederlân. Mar as it om gastfrijheid giet kinne we noch in soad leare fan ús nije Nederlanners. Miskien moat Geert sels ris op besite gean by in Syryske famylje. Ik bin der wis fan dat er dan tinkt: ‘Hmm, dat stânpunt fan my, dat is toch net hielendal suvere kofje."

Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân) is freelance tekstskriuwer foar ferskate Fryske media en wurket dêrneist by de NHL. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nochter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)