Twa auto's útbaarnd yn Ljouwert

Der binne sneintenacht opnij auto's útbaarnd yn Ljouwert. Diskear twa auto's dy't parkeard stiene yn de Insulindestrjitte, njonken it Cambuurstadion. In tredde auto rekke beskeadige troch de brân.
Sneontenacht wie der ek al in autobrân yn Ljouwert en de plysje tinkt dat de auto's troch brânstichting útbaarnd binne. Der wurdt ûndersyk dien oft de brannen ferbân mei-elkoar hâlde. Tsjûgen kinne kontakt opnimme mei de plysje fia 0900-8844.