Fjoertoer Skiermûntseach wurdt wer wyt

De Zuidertoren fan Skiermûntseach © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
De Sudertoer op Skiermûntseach krijt in opknapbeurt. Mei troch de skinking fan in anonime stiper kin de toer, dy't grien útslein is fanwege algegroei, wer skjinmakke wurde. De toer, ek bekend as de wettertoer, wurdt behannele mei in spesjale coating wêrtroch de algen minder gau weromgroeie kinne. Ek de omjouwing fan de fjoertoer wurdt opknapt, sa komme der bankjes en in ynformaasjeboerd.
De kosten foar de wurksumheden, sa'n 60.000 euro, wurde betelle troch ferskate fûnsen en jildsjitters, wêrûnder de eigener fan it gebou KPN.