Fjochtpartijen nei ôfrin fan SC Hearrenfean-Feyenoord

© Janny Dijkstra
Nei ôfrin fan de wedstriid fan SC Hearrenfean tsjin Feyenoord hat it op ferskate plakken op It Hearrenfean ûnrêstich west. Yn of by it stadion binne stewards oanfallen troch in groep SC Hearrenfeansupporters. Ien steward rekke dêrby ferwûne, dy docht oanjefte. De plysje docht fierder ûndersyk nei it ynsidint. Der is noch gjin fertochte oanhâlden.
Ek wiene der skermutselingen op ferskate oare plakken op It Hearrenfean, wêrûnder by de McDonalds. Der binne yn totaal fiif oanhâldingen ferrjochte, tsjin twa persoanen is in proses-ferbaal opmakke.
Neffens de plysje is it op dit stuit rêstich rûn it Abe Lenstra stadion.
Supporters fan SC Hearrenfean easken nei de wedstriid in petear mei direkteur Luuc Eisenga. Se wiene lulk oer it feit dat guon supporters in stadionferbod krigen ha. Ek wie der by Hearrenfeansupporters op social media fernuvering oer it feit dat der op de tribunes in soad Feyenoordsupporters sieten.