Ferrassing; Feanster wethâlder op 'e stoepe by boargers

Yn de Hearrenfeanse wyk De Greiden is is dit wykein in nije oanpak útprobearre om de bewenners te belûken by de ynrjochting fan harren omjouwing. Der binne mear gemeenten dy't soks wolle, mar de gemeente Hearrenfean liket in stap fierder te gean. Dêr stie by guon ynwenners, sûnder ôfspraak, wethâlder Jelle Zoetendal op 'e stoepe.
De gemeente siket 25 minsken dy't mei helpe wolle om goede plannen te meitsjen. Dêrfoar is in folle grutter oantal minsken útlotte en nei in publisiteitskampanje wurdt dêr oanbelle mei de fraach oft sy helpe wolle.
Dat is yn de measte gefallen wol wat in ferrassing. Op de earste trije adressen dêr't immen thús wie, smiet dizze oanpak gelyk twa dielnimmers op.