Opnij auto útbaarnd yn Ljouwert

Autobrân yn de Javastrjitte yn Ljouwert © Jaring Rispens
In parkearde auto is sneontenacht yn de Javastrjitte yn Ljouwert útbaarnd. De auto is dêrtroch folslein fernield. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle en in auto dy't efter de brânende auto stie koe noch krekt op tiid fuorthelle wurde troch de eigener.
De plysje tinkt dat de auto yn brân stutsen is. Yn jannewaris waarden ek in tal auto's yn Ljouwert yn brân stutsen.