Harkemase Boys spilet thús lyk tsjin Jong FC Grins

Harkemase Boys spile sneon thús lyk tsjin Jong FC Grins. It waard 2-2. De Boys hienen it fan it begjin ôf al dreech tsjin Grins, dy hie fuort al in fjildoerwicht. Yn de 20ste minút foel de earste goal, 0-1. En Grins gie troch mei drukken, de Boys hiene eins neat te fertellen. Yn de 30ste minút fersulvere Grins in penalty.
Harkemase Boys kaam nei rêst werom en yn de 56ste minút makke Klaas Schotanus mei in kopbal de oanslúttreffer. Yn de 63ste minút waard it lykspul troch Jorco van Hezel.
In doelpunt fan Heine Uuldriks dy't skoarde út in corner fan Oebele Schokker, waard ôfkard troch de skiedsrjochter omdat it bûtenspul wie. De lêste faze wie wat rommelich en de Boys moasten ek noch oppasse foar Grins.