Kollum: "Fryslân boykot de ynfiering fan it 5G netwurk"

18 mrt 2017 - 08:29

"Der binne in soad ûnderwerpen dêr’t ik dizze wike oer skriuwe kin. Bygelyks oer de, neffens in soad minsken, terjochte krityk fan ISU foarsitter Jan Dijkema op de stream oan oranjekleurde poadiums by it reedriden. De rest fan de wrâld fynt troch de Nederlânske dominânsje it langebaanriden sa stadichoan gjin útdaging mear. De reedrydsupporters yn Nederlân dûnsje mei blynkappen op de polonêze, de rest fan de wrâld rjochtet him op oare wintersporten. Dit is yn ús kâlde kikkerlân, sûnder winters, in gefoelich ûnderwerp.

In oare saak is fansels Anneke Douma vs De Omrop. In soap, in trageedzje mei lekte privee-berjochten, bestjoerders yn ûntkenningsfazen, opleine sanksjes oan personielsleden en dêrút folget: yn saken sa as dizze binne der meastal allinnich mar ferliezers. Ek in tige gefoelich ûnderwerp.

Noch ien? De nije hype om ferslachjouwers yn byld te bringen, wylst se in sportwedstriid oan it ‘ferslaan’ binne. In, ek wer neffens in soad minsken, omkearde wrâld, want de ferslachjouwer sit dêr om de minsken thús te fertellen wat der te sjen is, dêr wurdt er foar betelle. No moatte der skynber bylden komme om sjen te litten hoe hurd se raze kinne as der in prestaasje delsetten wurdt. De kamera stiet op in leech plak, ûnder de tafel, om de yndruk te jaan dat it om in ferburgen kamera giet en dat de reporters net troch ha dat se filme wurde. De ferslachjouwer as haadrolspiler. Ek grif in tige gefoelich ûnderwerp.

Ik soe it ek ha kinne oer de ferkiezings dy’t achter ús lizze. Ja, dat soe kinne.

Ek de útspraak fan it Europeeske Hof dat wurkjouwers it dragen fan holledoekjes ferbiede meie, soe in tankber ûnderwerp foar in kollum wêze kinne. Ek in tige gefoelich ûnderwerp dêr’t grif in soad oer skreaun wurde sil, as it teminsten net ûndersnijd yn de ynformaasje perikelen dy’t de media grif de kommende tiid behearskje sille.

Let wol, ik ha net ien fan dizze ûnderwerpen besprutsen. Ik ha allinnich oanjûn dat se ûnderwerp wêze kinne soenen foar in kollum. Dochs bin ik hast wol wis dat sels no’t ik se net besprutsen ha, der reaksjes op komme sille. Dat is sa as it giet mei alle nijerwetske mooglikheden om ergens op te reagearjen.

Ha jim wol troch oan hoefolle keuzestress in kollumnist sa troch de wike bleatsteld stiet? Hoe meitsje je in ôfwaging oer wat je besprekke sille? Pine yn de holle, nachts omdoarmje en mar proefballonnen skriuwe om se daliks wer yn it jiskefet te smiten.  

Mar ik bin der út. Ik kies der foar om oer al dizze ûnderwerpen hinne te stappen en my te rjochtsjen op it ministearje fan definsje. En dat ministearje hat ús moai by de poat, sil ik jim sizze. Jim ha allegearre in mobile telefoan, dy’t, as jim gjin wifi ha, wurket mei 3G of 4G ynternet. Prachtich. Mar der komt ek 5G oan. Yn de rest fan de wrâld, teminsten. Wy ha nammentlik de Grutte Earen fan Boerum en dy brûke de frekwinsjes dêr’t dat 5G netwurk op draaie moat. Dus om der mar in Trumpiaanske of Erdogaanske woeste kwote tsjinoan te smiten, folslein yn de tiidsgeast fan no: Fryslân boykot de ynfiering fan it 5G netwurk. Is it net machtich? Dat 5G netwurk moatte de auto’s aanst selsstannich mei ride kinne. Sa dat wy as minsken noch minder sels nei hoege te tinken. De ynljochtingetsjinsten AIVD en MIVD keare dat proses no mooglik tydlik op.

Ik tink dan even lûdop: aanst yn 2029 tuffe wy mei in slakkegonkje yn ús selsridende autoke oer de Sintrale As en dan komt der in stroomsteuring. It 5G netwurk sa plat as in dûbeltsje. De kompjûter yn de auto ropt ús op om sels it stjoer te krijen en de reis te ferfolgjen. Op dat stuit soe in ferburgen kamera ûnder it stjoer wol echt moaie bylden opsmite, tink ik."

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels . Ferdinand is te folgjen op Twitter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)