Twa licht ferwûne by ûngelok, feroarsaker (91) rydt troch
Twa minsken binne freed licht ferwûne rekke by in oanriding mei twa auto's op It Hearrenfean. De feroarsaker, in 91-jierrige frou, ried troch nei it ûngelok. Sy koe letter oanhâlden wurde. Har auto wie ek swier skansearre. De frou hat in ferklearring ôflein en moast har rydbewiis ynleverje. Neffens de plysje wie der gjin drank yn it spul.