Brân by skoarstien soarget foar skea oan wente yn Droegeham

In brân hat freed foar in soad skea soarge oan in wente oan De Kromelle yn Droegeham. Oan it ein fan de middei bruts de brân út by de skoarstien yn it reiden tek. De eigener is troch de brânwacht út de wente helle. Hy wie der bleaun om syn guod te beskermjen. Om't hy reek ynademe hat, is er behannele troch ambulânsepersoniel. De wente hat reek- en wetterskea oprûn, der waard fan binnen en fan bûten blust. It is noch net dúdlik oft de bewenners freedtenacht weromkinne.
De eigener waard tsien jier lyn ek al troffen troch in brân yn dit hûs. Dat wie foar him dan ek de reden om no sa lang mooglik binnen te bliuwen by syn guod. Neffens de brânwacht ha se de man der op it lêste momint noch úthelle kind. "Gelokkich is it goed ôfrûn", sa seit Jan Willem Zwart fan Brânwacht Fryslân.