Mata Hari frege yn brief om optreden yn Nederlân

Foar de Mata Hari feiling fan ein maart by feilinghûs De Zwaan yn Amsterdam is in bysûnder objekt foar it ljocht kaam. It giet om in brief fan Mata Hari sels, dêr't se in optreden yn oankundiget yn Nederlân. De brief is út 1905 en se freget dêryn oan in bekende út Ljouwert om in optreden foar har yn Den Haach te regeljen. It optreden is der nea kaam. Mar de brief is wol bysûnder.
Der binne net folle brieven fan Mata Hari bewarre bleaun. En al hielendal gjin brieven dy't mei Nederlân ferbân hâlde. Wat de wearde is, is noch in fraach.
De feiling fan it Mata Hari-guod is ein maart. Sjoen it bysûndere karakter fan dizze brief fertsjinnet hy eins in plakje yn in museum, sa fine se by it feilinghûs.