Plysje achterhellet stellen auto yn Amsterdam

© ANP
De plysje hat fannacht yn Amsterdam in auto yn beslach naam dy't tongersdei stellen wie yn Snits. Plysjeminsken seagen de auto stean by in tankstasjon, se giene der op ôf en doe naaide de bestjoerder út. Even fierderop liet hy de auto achter en gie rinnende fierder. De plysjeminsken wiene him lykwols te fluch ôf. In twadde fertochte stie noch by it tankstasjon. De beide mannen fan 18 en 19 jier binne oanhâlden.