FIDEO: Underkuolle ree wer loslitten by Beetstersweach

"In bistje dat wer better is loslitte, dat is it moaiste fan ús wurk", seit Hetty Sinnema fan de Fûgelhelling. Freedtemoarn ferskynde der in moai filmke fan de Fûgelhelling út Oerterp op Facebook. Sy lieten in ree frij, dy’t twa dagen earder binnenbrocht wie. It bistje wie ûnderkuolle út it wetter by Veendam helle. Nei alle gedachten hie er in klap fan in auto hân en koe it dêrom net mear út it wetter komme. Om it bistje wer op te waarmjen is it nei de Fûgelhelling brocht.
“Kinst net in hjitte-kanon op it bistje loslitte, dus we hawwe it yn waarme kleden dellein. Op in gegeven momint begûn er yn syn koai te springen, dus dan moatst him loslitte. We hawwe him yn de buert fan Beetstersweach loslitten. In soad folwoeksen reeën oerlibje sokke oanridings net, troch de skok. Mar wannear't it dan in kear slagget, dan is dat prachtich.”