It Amelân en Skiermûntseach 'ûndersykje' de toeristen

It doarp Skiermûntseach mei de Zuidertoren © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Op It Amelân en Skiermûntseach begjinne se mei in gaste-ûndersyk. Mei dit ûndersyk wolle de Waadeilannen mear ynsjoch krije yn it type toerist dat op de eilannen komt en hoe't sy de eilannen wurdearje. Ek wurdt ûndersocht wat de toeristen allegear dogge en wat se dêr fan fine.
Mei de útkomsten wolle beide eilannen harren belied better ôfstimme op de winsken fan toeristen. Op Skylge en Flylân wurde soartgelikense gaste-ûndersiken al hâlden.