File op de A32 troch ûngelok by It Hearrenfean

16 mrt 2017 - 17:53

In ûngelok op de A32 by It Hearrenfean soarget tongersdei oan de ein fan de middei foar in flinke file yn de rjochting fan Ljouwert. Meardere auto's botsten by it Abe Lenstra Stadion opelkoar. Yn de file dy't dêrtroch ûntstie botsten wer in tal auto's opelkoar.

Der rekke nimmen ferwûne by de ûngelokken. De auto's binne troch in berger fuortsleept. Rykswettersteat en de plysje besykje it ferkear sa goed mooglik om te lieden.

Trefwurden: 
ûngelok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)