Minste tal Friezen sûnt 15 jier yn de Twadde Keamer

Wurdt de Fryske stim noch wol heard yn Den Haag? Dat is de fraach, no't Harry van der Molen (CDA) en Aukje de Vries (VVD) de iennige twa Friezen binne dy't yn de Twadde Keamer komme. Yn de ôfrûne trije regearperioades sieten noch gemiddeld seis Friezen yn de Twadde Keamer. En dat wylst it oantal Grinzer Keamerleden ferdûbele is.
As de polityk yn Den Haag net mear each hat foar de regio, driigje der twadderangs boargers te ûntstean, tinkt deputearre Johannes Kramer. Hy fynt dat de oandacht tusken de regio en de Rânestêd better ferdield wurde moat. De hjoeddeiske fersnippering yn de polityk helpt dêr net by. Hoe mear partijen der binne, hoe minder each der is foar de regio, seit Kramer. In minne saak, mient er.
Wol is der noch hoop, tinkt Kramer. CDA en ChristenUnie, twa partijen dy't kâns meitsje op regearingsdielname, hawwe neffens Kramer mear each foar de regio. Fan Aukje de Vries en fan Harry van der Molen ferwachtet hy dat se har sterk meitsje foar Fryslân.