Bou Saakstra's brêge yn Frjentsjer duorret moanne langer

© Omrop Fryslân, Aise van Beets
De bou fan de nije Saakstra's brêge yn Frjentsjer duorret in moanne langer as pland. De brêge hie ein dizze moanne klear wêze moatte, dat wurdt ein april. De bou fan de brêge drige tsientûzenen euro's djoerder te wurden, sa waard dúdlik ûnder it wurk. Om dit foar te kommen, hat oannimmer DVJ fan De Jouwer in nije boumetoade betocht. Hjirtroch koe it wurk dochs binnen it budzjet útfierd wurde. Omdat it ûndersyk nei de oare boumetoade nochal wat tiid koste, kin de brêge net earder as ein april iepen.
De nije brêge is geskikt foar de lytse rekreaasjefeart. It is de lêste yn de rige brêgen yn Frjentsjer dy't opknapt of ferfongen wurde yn it projekt Franeker Waddenpoort.