Alden hâlde bern te maklik thús fan skoalle

Alden hâlde bern somtiden te maklik thús fan skoalle. Direkteur Riekel Zijlstra fan kristlike basisskoalle De Tarissing yn Rinsumageast makket him der op de jierlikse Dei fan de Learplicht soargen oer. Om te soargjen dat bern net te faak thúsbliuwe, binne ôfspraken oer de oanpak fan it fersom fêstlein yn in hânboek. Dêr stiet yn hokker maatregels skoallen nimme kinne om it fersom werom te bringen. Derby wurdt gearwurke mei gemeentlike learplichtamtners.
Nij yn it hânboek is dat fersom op basisskoallen tenei ek melden wurde moat by ûnderwiisorganisaasje DUO. It hânboek is hjoed útrikt oan de skoallen.