Plysje dielt boeten út oan sjauffeurs op A7

By in transport- en miljeukontrôle hat de plysje tiisdei op de A7 tusken Beetstersweach en Fryske Peallen en op de Wâldwei by Drachten 16 boeten útdield. Mei elkoar binne goed 45 bestjoerders fan frachtweinen, bestelauto's en auto's mei oanhingers oan de kant setten. Sy krigen ûnder oare in bon foar glêde bannen, oerbelading, it ûntbrekken fan in ferfiersfergunning en lading dy't net goed fêstmakke wie.
Ien frachtweinsjauffeur wie goed foar tsien oertredingen. Sa wiene bygelyks de remblokken min, de útlaat siet los en de APK wie ferrûn.