Minder Friezen mei WW-útkearing, mear wurk yn soarchsektor

UWV © ANP
It tal Friezen mei in WW-útkearing is yn febrewaris ôfnaam yn fergeliking mei de moanne derfoar. Benammen yn de soarchsektor is wer mear wurk, sa docht bliken út sifers fan it UWV. Ein febrewaris hiene mear as 18.700 Friezen in útkearing, goed hûndert minder as yn jannewaris.
Yn fergeliking mei in jier lyn is it tal minsken yn ús provinsje mei in WW-útkearing nei ûnderen gien mei goed 13,5 persint. Dêrmei docht Fryslân it better as Grinslân en Drinte, dêr't in delgong te sjen is fan hast 11 persint.
It UWV is optimistysk oer de banekânsen foar de kommende jierren en dan benammen yn de soarch.