Ljouwerteradiel en Dongeradiel noch dwaande mei tellen

Stimbus © Omrop Fryslân
Flaters yn de telling soargje derfoar dat de gemeente Ljouwerteradiel noch net mei in útslach fan de Twadde Keamerferkiezingen kaam is. Der wurdt op dit stuit noch drok teld. De gemeente hopet de útslach wol foar tolven melde te kinnen.
Ek yn Dongeradiel is de útslach noch net bekend. Neffens in wurdfierder fan de gemeente hat dat benammen te krijen mei it feit dat der yn Dongeradiel ek stimd wurde koe op in nije namme foar de gemeente dêr't Dongeradiel aanst yn op giet. Ek dy stimmen moatte teld wurde.
De stimmetellers hawwe woansdeitenacht om in oere as trije besletten om op te hâlden mei tellen en moarns fierder te gean. Ek Dongeradiel tinkt foar tolven mei de útslach te kommen.